It ferhaal

© Illustratie van Linde Faas uit: Gozert van Uitgeverij Lemniscaat 2020

Leeftiidsadvys 8+
Nei it boek fan Pieter Koolwijk

Ties hat in alderbêste, mar ûnsichtbere freon: Gozert! Tegearre belibje se fantastyske aventoeren. Op trollejacht, bern beskermje tsjin ferfeelsumens troch in Romeinske pot te stellen út it museum of bern rêden fan meunsters by de berne-opfang.

It dilemma

Troch dy aventoeren komt Ties ek geregeld yn de problemen. De âlden fan Ties fine it better dat Gozert ferdwynt en stjoere Ties nei Huize Hoopvol. Dêr besykje se mei medikaasje en terapy Gozert en Ties te skieden, mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Nimt Ties ôfskied fan Gozert om sa te foldwaan oan noarmen fan oaren, of kiest er foar syn freon mei alle gefolgen dêrfan?

© Illustratie van Linde Faas uit: Gozert van Uitgeverij Lemniscaat 2020

Gozert is in muzikale, ferbyldzjende foarstelling fol humor en beljochtet in wichtich sosjaal maatskiplik ûnderwerp. It is tiid om oars wêze te meien, it is tiid foar Gozert!

© Illustratie van Linde Faas uit: Gozert van Uitgeverij Lemniscaat 2020